Earste edysje fan de Keetpartij

Snein 28 juny stjit de earste edysje fan de keetpartij op it programma. Keatsferiening Jacob Klaver organiseare dizze partij yn gearwurking mei Keet it Bierfiltsje.

Op it prachtig oanklaaid fjild fan de Jong Fammen partij de deis derfoar, kaamen rûn 12 oere de earste keatsers it fjild oprinnen. Eltsenien hie der sin oan! In oantal moesten noch wat opstarte, mar dat koe moai want we moesten toch op in oantal minsken wachtsje. It wie sels sa dat der noch ien op bed lei, hy wy efkes ferjitten dat hy sich yn de kroech de jûns derfoar opjûn hie. Mar al mei al koenen we rûn healwei ienen los. Der waard mei in grutte bal keatst en dat soarche foar in prachtige keatserij. Spytich genôch liet it waar it wat ôfwitte en hat it in grut diel fan de middei reint. Mar gelokkich stiene de tinten fan Wiersma tinten noch op it fjild, en koe der moai neisitten wurde. ûnder it genot fan in hapje en drankje wie it in sear gesellige en moai earste edysje fan de keetpartij! De ûtslach fan de keetpartij: Winnersrûne: 1e priis Bregt Arendz, Lutsen Bonekamp en Kees Herder 2e priis Jesse Heida, Martin Visser en Hinke Fopma Ferlieserrûne: 1e priis Jelle Terpstra, Jouke Bonekamp en Marijke Sybrandy 2e priis Jente Muller, Reinder Bonekamp en Boris Zoon

Geplaatst op 29 June 2015